Rekôroantal frijwilligers docht mei oan aksje Skjin Wetter 2021

In rekôroantal frijwilligers docht dizze wike mei oan de aksje Skjin Wetter. De aksje is in inisjatyf fan de Fryske Miljeu Federaasje, Wetterskip Fryslân en ferskate Fryske gemeenten. Oeral wurdt smoargens en plestik út it wetter helle.
Skjin Wetter 2021 © Simon Bijlsma
Ek de wâlkanten wurde frijmakke fan rommel. Skoallen, fiskferieningen, kanoklups en sels dûkers dogge mei. Fiif jier lyn wie de earste kear. Doe wiene der goed 100 frijwilligers, mar dit jier binne it der 2000.
De groei fan it tal frijwilligers komt benammen troch corona, seit projektlieder Simon Bijlsma. Gewoanwei fûn it projekt nammentlik op ien sneon plak, mar dit jier woe de organisaasje it risiko op besmettingen beheine troch de aksje in wike duorje te litten. "Fan sneon oant en mei sneon", seit Bijlsma. "Minsken krigen dêrtroch mear de romte om de himmelaksjes te dwaan op it momint dat it se útkaam."

Posityf

It binne benammen plestik pûden en fleskes dy't de frijwilligers boppe wetter helje. Blikjes en glês wurde oan wâl brocht troch dûkers: moarn docht dûkferiening Moby Dick dat by De lemmer. "Se taaste op gefoel de ûnderwetterboaiem ôf", seit Bijlsma. "Se fine faaks de wat swierdere dingen."
"It is oan de iene kant hiel moai dat der in protte fûn wurdt, om't it sa út ús omjouwing helle wurdt. Oan de oare kant is dat ek hiel tryst, fansels", seit Bijlsma. Mar somtiden is der ek fleuriger nijs. "Moandei wie der in groep jongerein yn in natuergebiet oan it himmeljen. Dy hawwe amper ôffal fûn. Dat is fansels hiel posityf: it jout oan dat sa'n gebiet al skjin is."
Simon Bijsma oer de aksje Skjin Wetter 2021