#Freonen wint Gouden Gurbe foar bêste iepenloftspul: "De priis is fan ús allegear" 

09 okt 2021 - 08:35

It iepenloftspul #Freonen fan Jorwert hat freedtejûn de Gouden Gurbe foar bêste iepenloftspul fan 2021 wûn. De sjuery skriuwt dat 'vorm en inhoud buitengewoon goed samen vielen' en dat it aktearwurk fan de spilers in 'feest in energie en spel' wie.

Iepenloftspul fan Jorwert - Foto: Simone Scheffer

It wie net de iennichste priis foar it Jorwerter iepenloftspul. Neffens de sjuery sette Skelte Anema yn #Freonen de bêste haadrol del. Sa waard hy troch de sjuery (Cilla Geurtsen, Brecht Wassenaar, Jelle Wesselius) 'genuanceerd en geloofwaardig' neamd. Anema liet in 'breed palet aan emoties zien, kwetsbaar en hard'.

Bêst wol grutsk

Skelte Anema: "Dat is in hiele eare, der wienen safolle iepenloftspullen en dan fine se my de bêste. Dêr bin ik bêst wol grutsk op, mar de priis winst net allinne. De oaren ha it ek fantastysk dien en troch har spyljen kin ik myn ding dwaan. Dus de priis is fan ús allegear."

Hy spile de rol fan Frans Engels, in boaze wite man. "As boer is er 'recht voor zijn raap', mar hy nimt it letter wol op foar syn freon dy't homo blykt te wêzen."

Nei de drege coronatiid wie it hearlik om wer te spyljen. "De minsken wienen deroan ta om in stik te sjen dat net te dreech wie en dat se lekker laitsje koenen."

Skelte Anema

Foto: Omrop Fryslân

It iepenloftspul Maistiid fan Ryptsjerk wûn de Gouden Gurbe foar foarmjouwing. Mayte Veenstra, dy't spile yn Fan bûten út, krige foar har 'spelplezier en onbevangenheid' as ingel de Gouden Gurbe foar bêste byrol.

Spesjale Gurbes

Der waard freedtejûn ek in spesjale Gurbe útrikt oan de organisaasje fan it berne-iepenloftspul. De sjuery wurdearret de ynset om dochs in produksje foar bern te meitsjen. Dêrom wie der in ekstra Gurbe foar fleksibiliteit yn coronatiid foar harren.

De publykspriis, dy't útrikt waard troch deputearre Sietske Poepjes, gie nei Lek út Goaiïngahuzen.

De Gouden Gurbes binne de Oscars fan de iepenloftspullen en wurde útrikt troch de Ljouwerter Krante. Tolve jier lyn is de priis betocht troch de kultuerredaksje. De Gouden Gurbes ferwize nei Gurbe, it boerke dat yn de krante kommentaar joech op it nijs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)