Hearrenfean twadde gemeente mei polsbantsjes yn de hoareka

Gemeente Hearrenfean is de twadde gemeente dy't polsbantsjes ynset as tagongsbewiis foar de hoareka. Ljouwert begûn ferline wike mei it polsbantsjessysteem.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der wie earst noch twivel yn de gemeente, mar úteinlik wienen de foardielen grutter as de neidielen, seit Christel Koning, foarsitter fan de ôfdieling Hearrenfean fan KHN: "Het ontzorgt ons als horeca, en we hopen hiermee ook wat gastvriendelijkheid te kunnen bieden naar de gasten."
Op It Hearrenfean wolle se derfoar soargje dat it sa maklik mooglik is om in bantsje te krijen. "Wat uniek is voor Heerenveen, aan de overkant van het checkpoint zit een locatie van Testen voor Toegang, dus mocht je een rood vinkje hebben of geen QR-code, dan kun je je laten testen. Dan krijg je alsnog een polsbandje."
Ljouwert wie de earste Fryske gemeente dy't de polsbantsjes ynfierde. Drachten sjocht ek noch nei dizze mooglikheid, Snits en Dokkum fiere de bantsjes foarearst net yn.
Christel Koning fan KHN oer polsbantsjes yn gemeente Hearrenfean