HEA! Kees (78) kin it wurk net loslitte

As jonkje fan 17 jier kaam Burgumer Kees van der Werf (78) by Technisch Bedrijf Tjeerdsma oan it wurk yn Oentsjerk. Hy bleau der syn hiele libben wurkjen. "Doe't ik mei pensjoen koe, frege de baas wat ik woe. Oan ophâlde koe ik noch net tinke." En dus is Van der Werf freedtemoarns oan it opromjen yn it magazyn. Syn kollega's binne wakker wiis mei him.
"Ik gean troch salang't it kin."