Oentsjerker (18) krijt wurkstraf foar mishanneling yn Prinsetún

08 okt 2021 - 15:57

In 18-jierrige Oentsjerker dy't belutsen wie by in fjochtpartij yn de Prinsetún hat in wurkstraf krigen. By de fjochtpartij waard in jonge bewusteleas skopt.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte makke diel út fan in groep freonen, dy't lijen krige mei in oare groep jongelju. Ien út de oare groep sloech as earste en foel dêrnei op 'e grûn. Nei't in freon fan de fertochte de jonge tsjin de holle skopt hie en er bewusteleas rekke wie, hat de Oentsjerker de jonge noch in traap tsjin it skouder jûn. Neffens de rjochter net út ferdigening, mar út lilkens.

Dêrom krige de Oentsjerker freed in wurkstraf fan 100 oeren oplein. Boppedat moat er 1400 euro oan it slachtoffer betelje. De jonge dy't it slachtoffer tsjin 'e holle skopte moat noch foar de rjochter komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)