Slachtoffer Boelensloane hie op momint fan efterfolging gjin rydbewiis

De 28-jierrige man út Boelensloane, dy't yn de nacht fan 15 op 16 septimber nei in efterfolging deasketten waard troch de plysje, hie op dat stuit gjin rydbewiis. Dat wie earder ynnaam nei in snelheidsoertrêding. Dat sizze twa freonen fan de man.
"Hij was zijn rijbewijs eerder al kwijtgeraakt"
Freon Henri Hut is ien fan de lêste minsken dy't syn maat Andries Booi noch yn libben sjoen hat. "Zijn moeder had hem nog geappt, van 'komst hast thús?'" De beide maten wiene jûns noch yn by inoar. "Ik was hier rond kwart over elf 's avonds weg. Toen zei Andries nog, 'moet ik wat voor je doen morgen?'. Hooguit als ik een klapband krijg, zei ik toen."
Henri' syn freondinne Anna Kamminga, ek in goeie freon fan Andries, fertelt oer de efterfolging: "Hy waard by Quatrebras al oanhâlden, mar doe is er útnaaid." Henri follet oan dat hy tinkt te witten wêrom't Andries der fantusken gie. "Doordat hij geen rijbewijs had, die was hij al een keer kwijtgeraakt door een snelheidsovertreding. Dat was de reden dat hij 'útnaaide' denk ik."
It Iepenbier Ministearje wol foarearst net reagearje omdat it ûndersyk fan de resjerzje nei it sjitynsidint noch rint.
Andries negearre in stopteken by in ferkearskontrôle by Hurdegaryp. Dat wie tusken 01.15 en 01.45 oere. Hy naaide mei hege snelheid út en de plysje sette mei ferskate plysjeweinen de efterfolging yn.

Op de plysje yn riden

Oan De Fjouwer Roeden yn Boelensloane kaam de auto ta stilstân. Doe't de plysjeminsken útstapten, ried de auto op se yn. "De collega's voelden zich genoodzaakt om te schieten", sei plysjewurdfierder Robert Jan Valkema nei it ynsidint. Doe't se op de auto skeaten, waard ek de bestjoerder rekke. Hy ferstoar oan syn ferwûnings.
It folsleine ferhaal fan Henri en Anna oer dy fatale nacht is sneon werom te finen by Omrop Fryslân en RTV NOF.