RIVM: 70 nije coronabesmettingen

08 okt 2021 - 15:25

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 70 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 3 minder as tongersdei. Doe waarden 73 nije coronabesmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Yn trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 70 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 72, in wike lyn op 75.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2790. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 2037.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)