Giro-organisaasje entûsjast oer start yn Fryslân

08 okt 2021 - 14:27

De direksje fan de Giro is entûsjast oer de start fan de hurdfytswedstriid yn Fryslân. In Fryske delegaasje presintearre tongersdei yn Milaan har plannen.

Foto: ANP

De provinsje hat ambysje om de grutte hurdfytswedstriid nei Fryslân te krijen. It plan: de start fan de Giro op de Ofslútdyk. Deputearre Avine Fokkens wie ûnderdiel fan de delegaasje dy't it plan tongersdei oan de direksje fan de Giro foarlei: "We hebben beelden van de onlangs gehouden Benelux Tour laten zien, en beelden van de Afsluitdijk. Het was een buitengewoon prettig en goed gesprek. Het was heel positief."

Nei it petear is it no oan de direksje om de rûte te besjen. "We hebben ze uitgenodigd voor een bezoek aan Fryslân, en zij hebben aangegeven daar graag gebruik van te willen maken. Wij willen tegen die tijd laten zien wat we in gedachten hebben en wat we kunnen bieden."

Konkurrinsje

Fryslân is lykwols net de iennige dy't in etappe besiket te bemachtigjen. "Ze krijgen genoeg aanbiedingen, we waren zeker niet de enigen. Wat positief was, en wat ze zelf ook aangaven, normaal gesproken duren de gesprekken korter."

Fokkens doart net te sizzen hoe reëel oft it is dat de hurdfytswedstriid nei Fryslân komt. "Wij zijn enthousiast, zij waren enthousiast. Verder is het nu een kwestie van er energie in blijven steken en diplomatie."

Net foar 2025

Mocht de Giro nei Fryslân komme, dan moatte wy yn alle gefallen noch in pear jier wachtsje. "In eerste instantie is het allemaal verkennend bedoeld. Maar als we het op de Afsluitdijk willen houden, dan moet het zeker zijn dat de Afsluitdijk tegen die tijd klaar is. Dus heel veel eerder dan 2025 zal het zeker niet zijn."

Trefwurden: 
hurdfytsen Giro d'Italia
(Advertinsje)
(Advertinsje)