Fryslân iennige provinsje mei delgeande coronasifers

08 okt 2021 - 13:04

Fryslân is de iennige provinsje yn Nederlân dy't yn de ôfrûne wike minder coronabesmettingen hie as yn de wike derfoar. Dat seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

"Dat mocht ek wol wer ris, want wiken lang wiene we de heechste 'stijger'. Yn Europa binne we no wer oranje kleure yn stee fan read. Dus dat is hartstikke moai", seit De Graaf.

Ek yn it noardeasten fan Fryslân geane de sifers foar it earst yn fiif wiken nei ûnderen. Dat gebiet sprong der de ôfrûne wiken boppeút kwa tal coronabesmettingen.

Hoareka

It is sneon twa wiken lyn dat de oardel meter mei in coronatagongsbewiis loslitten waard yn Nederlân. Dêr sjogge se by de GGD lykwols noch gjin grutte effekten fan yn de coronasifers. "Der binne ek gjin grutte klusters yn de hoareka", seit de GGD-direkteur.

"De ynsette maatregel fan it coronabewiis wurket dus. Dat dempt. Mar oan de oare kant: dit is presys de moanne wêryn't foarich jier de twadde coronagolf der wie en we geane ek it grypseizoen yn. Dus miskien net te betiid jûchje en loslitte", fynt De Graaf.

Tredde prik

Minsken mei in fermindere ymmúnsysteem hawwe woansdei in oprop krigen foar in tredde prik. Dat giet fia it sikehûs. "Dy minsken binne ûnder behanneling fan in spesjalist", leit De Graaf út.

Foar oare minsken is der foarearst gjin tredde prik beskikber. Der binne ek noch gjin minsken dy't harren dêrfoar by de GGD meld hawwe. "Yn de wrâld binne der noch genôch minsken dy't hielendal net faksinearre binne. De tredde booster komt der miskien noch, mar dêrfoar wachtsje we gewoan efkes op ús beurt."

Margreet de Graaf fan de GGD oer de coronasituaasje yn Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)