WEROMSJEN: Betinkings- en Befrijingskonsert Fryslân: Hollands Requiem

09 okt 2021 - 20:00

It Betinkings- en Befrijingskonsert Fryslân is troch corona twa kear net trochgien, mar sneon wie it lang om let safier. Yn de RK-tsjerke yn Sint-Nyk wie it earste konsert yn Fryslân dat yn it teken stiet fan 75 jier frijheid.

It konsert waard útfierd troch it Nationaal Symfonisch Kamerorkest, it Noord-Nederlands Kamerkoor, mei solisten Wendy Roobol (sopraan) en Joep fan Geffen (bariton) ûnder lieding fan dirigint Jan Vermaning. Sy spilen in bysûndere 'hertaling' op it Hollands Requiem fan Johannes Brahms (1865-1868), makke troch Jan Rot yn 2007. It konsert waard iepene troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Dêr't eins alle oare Requiems geane oer de dea en benammen de persoan dy't ferstoarn is, giet dit wurk krekt oer de minsken dy't achterbliuwe, de neibesteanden. De sintrale gedachte fan it wurk is net de ivige rêst fan de ferstoarne, mar de treast foar dejinge dy't it leed drage. Muzyk foar de libjenden. En yn dy sin is dit stik hiel tapaslik foar it fieren fan 75 befrijing.

It Betinkings- en Befrijingskonsert is mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Stichting Friesland 1940-1945, Ritske Boelema Gasthuis, P.W. Janssen's Friesche Stichting, Jakobs Douwe Egberts en Stichting Jan Rot. It konsert waard organisearre troch Stichting Nationale Herdenking Joure.

(Advertinsje)
(Advertinsje)