It ferhaal achter: "De dirigint stiet yn de G-spot fan it orkest"

Yn it kulturele radioprogramma Op & Ut by Roelof Lousma en Douwe Heeringa makke Wiebe Kaspers yn maaie de opmerking "De dirigint stiet yn de G-spot fan it orkest". Wat bedoelde er dêrmei? En wat is syn ferhaal?
© Omrop Fryslân
Wiebe Kaspers, 30 jier âld en wenjend krekt bûten Ljouwert, sjongt en spilet piano al sûnt er in jonkje fan fiif wie. Hy skriuwt al 14 jier alternative popmuzyk en is sjonger (en pianist) fan de progressive pop-band WIEBE, dy't syn debút makke yn 2015. Fierder bestiet de band út Daan Slagter, dy't drumt, en Florian den Hollander, dy't de bas bespilet.
De band skriuwt Ingelsk- en hjir en dêr Frysktalige teksten. Yn 2019 brocht de band it tredde album, Y, út: in album mei tsien ferskes oer de ferwurking fan liefdesfertriet.
Sjonger en muzikant Wiebe Kaspers © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Nei oanlieding fan trije konserten dy't syn band WIEBE mei it Nieuwlicht projectorkest yn juny jaan soe, siet de muzikant yn dy útstjoering. Dêrby waard har muzyk ûnder lieding fan dirigint Tjeerd Barkmeijer kombinearre mei British Light Music.
Wiebe Kaspers fertelt: "Ik siet tegearre mei de dirigint op it moaiste plakje fan it orkest. Wêr is dat plak? Neist de dirigint? Do sitst dan gewoan yn in waarm bad fan klank. Dat is yntym en gefoelich, dêr sitst middenyn. En dat is dus eins de G-spot fan it orkest, sis mar!"

Klankkleuren

"Wat ik sa moai fyn oan it spyljen mei in orkest, is datst hiel moaie klankkleuren krijst by dyn muzyk. Dat is bysûnder, en dan sitst ek noch op it aldermoaiste plakje, mei al dy strikers om dy hinne."
Wiebe leit út wêrom't harren muzyk sa goed útpakt mei klassyk. "Yn alternative popmuzyk, sa't we dy meitsje, sit oer it generaal wat mear 'gelaagdheid', dat giet wat fierder as trije akkoarden. Ik hâld in soad fan klassike ynfloeden en fyn it hearlik om mei orkesten te spyljen, omdat ús muzyk him der hiel goed foar lient. Al hielendal mei in goeie strikerseksje derby. Dan komme de nûmers ek mear ta har rjocht, it begjint derfan te libjen!"
WIEBE yn de Noardewynstudio © Omrop Fryslân
Yn it wykein fan 1,2 en 3 oktober stie Wiebe wer op it poadium mei in orkest, wer mei dirigint Tjeerd Barkmeijer en dizze kear ek mei mezzosopraan Eske Tibben. Yn dit konsert mei de namme 'Mahler & WIEBE 'Broken love'' waard de klassike muzyk fan Gustav Mahler ferflochten mei de muzyk fan WIEBE.
Dizze twa konserten binne net de iennichste gefallen dat WIEBE gearwurket mei klassike musisy. "Mei de band spylje we ek wol faak mei strykkwartet 'Regina Forte', bygelyks yn it nûmer 'I'd like to fly' op ús album 'Y'. En earder ha we it nûmer 'No man's land' opnaam mei it jeugdorkest."
We ha in skoft eins eefkes in ferplichte 'sabbatical' hân.
Wiebe Kaspers
De band is bliid dat der no hieltyd wer mear kin, no't de coronamaatregels minder wurde. "We ha in skoft eins eefkes in ferplichte 'sabbatical' hân, om't wy gjin nocht hiene om ús yn allegear bochten te wringen. No binne we wer goed taret."
"Der leit allegear nij materiaal klear en dat sille we ek wer spylje. It wie wol goed om eefkes rêstich oan te dwaan en no kinne we wer fol oan de slach."
Besjoch it petear mei Wiebe Kaspers yn Op & Ut:
It ferhaal achter: "De dirigint stiet yn de G-spot fan it orkest"
It radioprogramma Op & Ut is sneontemoarns tusken 9.00 en 12.00 mei Roelof Lousma en Douwe Heeringa. Neist kulturele tips komme ek saken as natuer en waar oan de oarder en wurde boeken en foarstellingen besprutsen.
Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder