Skriuwster Lida Dykstra jier langer Berneboeke-ambassadeur

Berneboekeskriuwer Lida Dykstra sil ek yn 2022 Berneboeke-ambassadeur wêze. Omreden fan it útfallen fan skoalbesites en oare aktiviteiten yn it ôfrûne coronajier is dat yn oerlis mei Boeken fan Fryslân besletten.
Lida Dykstra © Omrop Fryslân
Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra sels dêroer: "Ik fyn it prachtich dat ik noch in jier langer de kâns krij om as Berneboeke-ambassadeur lêswille te fersprieden. It is sok moai wurk: foarlêze, prate mei de bern, skriuw- en lêstips jaan, mei de hiele groep in ferhaal ymprovisearje. As in bern nei ôfrin freget: 'Tinkt Lida dat ik dit boek ek yn de biblioteek liene kin?', of 'Juf, meie wy fan 'e middei ferhalen skriuwe?', dan wit ik daalk wêr't ik it foar doch."
Om 'e twa jier wurdt in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy't him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.