Jouster darter Noppert nei heale finale World Grand Prix

07 okt 2021 - 21:16

Darter Danny Noppert hat tongersdeitejûn yn it Ingelske Leicester de heale finales fan de World Grand Prix berikt. Op it telefyzjetoernoai fan de PDC wie de Fries yn de kwartfinale mei 3-1 te sterk foar Ian White út Ingelân.

Foto: Orange Pictures

De earste set gie fol oertsjûging nei Noppert. Hy iepene eltse leg rap en wie ek sterk op syn dûbels. White kaam net mei en seach dat de Fries de iepeningsset mei 3-0 pakte.

Earste setferlies Noppert

De Ingelskman pakte wol de earste leg fan de twadde set. Ek de folgjende leg gie nei White, dy't Noppert bruts mei in finish fan 80. White krige ek in pylk op tops foar de set, mar miste, wêrnei't Noppert 2-1 makke. Ek de 2-2 kaam op it boerd, mar doe smiet White in 12-darter en pakte dêrmei de twadde set.

De tredde set gie mei kreas spul nei de Fries. Yn de fjirde set kamen Noppert en White op 1-1 yn legs, doe't de dûbels ynienen net mear woene. White miste twa folle beurten, wylst Noppert fia dûbel fjouwer de 2-1 makke. Mei in finish fan 86 op de bullseye pakte hy dêrnei de winst.

Heale finale

De heale finales fan de World Grand Prix wurde freedtejûn spile. Dêryn treft Noppert Krzysztof Ratajski út Poalen of Jonny Clayton út Wales.

De World Grand Prix is it iennige toernoai yn it jier dêr't de darters mei in dûbel begjinne, en einigje moatte. Dat format smyt oer it algemien spannende wedstriden op. It toernoai wurdt dit jier yn it Ingelske Leicester hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)