Daniël (18) fan Kollumersweach fynt nei caravanaventoer einliks in keamer yn Deventer

07 okt 2021 - 21:00

It wie in hiele útdaging foar Daniël Noorlander (18) fan Kollumersweach: in keamer fine yn Deventer, dêr't hy sûnt augustus argeology studearret. As needoplossing wenne hy de ôfrûne seis wiken mei syn heit Ben yn in caravan, op in camping krekt bûten de stêd.

Daniël (18) is tige bliid mei syn keamer:

Nei moannen fan sykjen hat Daniël no dan einliks wat fûn.

Mei seis húsgenoaten wennet Daniël sûnt snein yn in hûs yn in bûtenwyk fan Deventer. Hy hat syn eigen keamer fûn fia de webside Kamernet, nei tal fan kearen keamers besjen. "Ik ha op sa'n tweintich keamers reagearre," fertelt Daniël. "Miskien wienen it der noch wol mear. Hieltyd wie de keamer al fuort, of waard ik ôfwiisd. Doe't ik ferline wike de laptop iepenklapte, stiene der ynienen wer twa keamers op. En doe wie it samar klear."

Begjin oktober is der dan dochs in keamer fûn, wylst de studint al fan febrewaris fan dit jier ôf oan it sykjen wie yn en om Deventer hinne. Daniël woe al tiden argeology studearje op hbo-nivo. Dy oplieding wurdt allinnich mar yn Deventer oanbean, oan Hogeschool Saxion.

Yn de caravan

Heit Ben Noorlander kaam yn augustus mei syn soan ta in kreative oplossing. Se sochten in camping yn de direkte omjouwing fan de hegeskoalle en dêr sette de famylje de caravan op. De ôfrûne seis wiken wennen Daniël en syn heit dêr troch de wike. Yn it wykein reizgen se wer nei de rest fan de famylje yn Kollumersweach.

"Ik seach wol op tsjin snie, rein en stoarm", bekent Ben Noorlander. "Hoe moast dat dan, as it noch langer duorre hie? Mar lokkigernôch is it allegear goedkaam."

"Grut probleem"

Daniël bliuwt foarearst noch wol even op syn keamer yn Deventer. Syn stúdzje argeology duorret yn totaal fjouwer jier. En hoewol't hy no in keamer fûn hat, hawwe ferskate klasgenoaten dy lúkse noch net. "It is echt in grut probleem. Der is hast gjin oanbod, en der binne sels in soad twaddejiers studinten dy't noch in keamer sykje. Dy folgen ferline jier alles online, fanwege corona. Der moat echt wat barre."

(Advertinsje)
(Advertinsje)