Koade giel foar hiel Nederlân yn ferbân mei tichte mist

08 okt 2021 - 06:15

It KNMI hat foar de nacht fan tongersdei op freed en foar freedtemoarn koade giel ôfjûn fanwege tichte mist. De warskôging jildt foar it hiele lân.

Foto: Albert Thibaudier

Troch de mist kin it sicht op guon plakken minder as 200 meter wêze seit it waarynstitút. Dat kin foar gefaarlike situaasjes op de dyk soargje. De ferwachting is dat de mist yn de rin fan de moarn ferdwynt.

De koade jildt oant 11.00 oere. Foar de nacht fan woansdei op tongersdei hie it KNMI deselde warskôging jûn.

Trefwurden: 
koade giel KNMI mist
(Advertinsje)
(Advertinsje)