Fryske Steate- en riedsleden komme mei sjenswize tsjin gaswinning by Ternaard

07 okt 2021 - 19:03

Ferskate Fryske Steate- en riedsleden fan de PvdA en GrienLinks ha in sjenswize yntsjinne tsjin gaswinning ûnder it Waad by Ternaard. De yntsjinners skriuwe dat it 'onbegrijpelijk is dat de ministeries een vergunning willen verlenen voor nieuwe gaswinning onder de Waddenzee'.

Gaswinning by de Waadsee - Foto: Shutterstock.com (Erik Koole Photography)

Se wize ûnder oare op in útspraak fan sekretaris-generaal António Guterres fan de Feriene Naasjes, dy't in oprop dien hat om nije produksje fan fossile brânstof stop te setten. Fierder sitearje se it ynternasjonale kongres foar natuerbehâld (IUCN) dat in moasje oannaam wêryn't it Nederlânske regear driuwend oproppen wurdt om net nei gas te boarjen yn de Waadsee.

'Minister moat fergunning wegerje'

Yntsjinners Jochem Knol (GrienLinks) en Hetty Janssen (PvdA) skriuwe fierder: "De natuurbeschermingswet (Wnb) vereist dat alle effecten van de gaswinning op de natuur in de Waddenzee worden meegewogen en gedegen wetenschappelijk worden onderbouwd. Dat is niet gebeurd en op zich is dat al voldoende reden de vergunning niet te verlenen. Op verzoek van de vaste commissie voor EZK van de Tweede Kamer heeft de Waddenacademie onafhankelijk juridisch advies uitgebracht over de mogelijkheden voor de minister om een vergunning voor gaswinning onder de Waddenzee te weigeren. Het antwoord van de Waddenacademie is erg duidelijk: de minister kan, nee MOET de vergunning weigeren op grond van de Wet Natuurbescherming. Dat advies is heel helder en we hopen dat de Tweede Kamer en de minister dit advies opvolgen."

Regio wol it net

Ek wurdt noch skreaun dat in mearderheid fan de Steaten, Wetterskip Fryslân, de gemeente Noardeast-Fryslân, natuerorganisaasjes, lânbou-organisaasjes en de ynwenners fan it gebiet allegearre tsjin gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard binne.

"Wij hebben gezien en begrepen dat de minister van EZK (op dit moment de heer Blok), deze adviezen, oproepen en uitspraken uit de regio naast zich neerlegt met het argument dat de mijnbouwwet zijn eigen procedures kent die hij moet volgen. Het advies van de Waddenacademie kan de minister niet naast zich neerleggen. We ondersteunen dat vanuit de regio met deze zienswijze," sa sizze Knol en Janssen út namme fan ferskate partijgenoaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)