Afrowinkels besmard mei bloed en stiennen troch de ruten: "Gebeurt alleen bij mij"

07 okt 2021 - 18:32

It wie al fiif kear earder bard, mar tiisdei waard der opnij in stien troch de ruten goait fan in winkel fan Sarah de Jong-Odili yn Ljouwert. Har winkelpannen wurde al langer bekûgele en besmard mei poep en bloed.

Foto: LEO Middelsé

De Jong-Odili hat twa winkels yn Ljouwert, oan de Nieuwe Oosterstraat en de Oostergrachtswal. Op beide plakken ha dieders skea oanbrocht. Se kamen sels by har âlde adres del. De eigeneres hat oanjefte dien by de plysje, mar se krige te hearren dat dy hjir net in soad mei kin.

It wie de fiifde kear dat it raak is, no foar it earst by har nije winkel. "Het is zo vaak gebeurd en we krijgen niets, er komt niks boven", fertelt De Jong-Odili.

"Waarom?"

"Ik ben de enige", sa seit De Jong-Odili. "Er zijn drie winkels aan de andere kant, maar het gebeurt alleen bij mij. Waarom? Dat iemand mij dit aan blijft doen, mij zo blijft pesten. Het kost me enorm veel tijd en geld."

Trefwurden: 
Ljouwert fandalisme
(Advertinsje)
(Advertinsje)