Rôze Rûte oer LHBTI-skiednis fan Ljouwert: "Hy doarde syn nekke út te stekken"

De spoaren fan de rôze skiednis fan Ljouwert binne fan nije wike ôf te besjen yn in nije kuierrûte. 28 lokaasjes fertelle it ferhaal fan de LHBTI+-mienskip yn de stêd.
"Yn 2014 ha ik alle gebouwen yn Ljouwert dy't wat te krijen ha mei homoseksualiteit op in rige set", fertelt gearstaller Majo Tigchelaar. Yn gearwurking mei it Histoarysk Sintrum waard dêrnei in rûte troch de stêd makke.

Moedich man

Dy Rôze Rûte bringt je bygelyks by it âld hûs fan Douwe Meijer, dy't yn 1954 de earste foarsitter fan it COC Fryslân waard. In moedich man, sa fertelt Tigchelaar. "Hy joech de gelegenheid yn syn hûs oan twa manlju om tegearre te frutseljen."
Soks wie oant 1971 ferbean yn Nederlân: ûnder de saneamde Zedelijkheidswet koe de plysje alle gearkomsten fan net-heteroseksuele minsken ferbiede, om't minderjierrigen dan ferlaat waarden ta homoseksualiteit, sa waard doe tocht. Meijer waard dan ek swier straft.
© LEO Middelsé, Larissa Lokenberg
"Hy is oppakt troch de plysje en foar de rjochter west. Hy wie doe 68 en moast in jier yn de finzenis yn Den Haag. Net yn Ljouwert of Veenhuizen. Hy hie noch nea út Fryslân wei west, mar hy móast nei Den Haag."
"Nei't er dêr 13 moanne sitten hie, moast er noch 13 jier yn in psychiatryske ynrjochting yn Beekbergen sitte", fertelt Tigchelaar. "Dêr is er úteinlik ferstoarn."
Soademiterje mar op, seinen se. Stie er op 'e dyk.
Majo Tigchelaar
It ekstra omtinken foar de LHBTI+-mienskip yn de oanrin nei Rôze Sneon op 16 oktober is noch hieltyd wichtich, sa fertelt Tigchelaar. Hoewol't tiden gelokkich feroare binne, giet it somtiden noch goed mis:
"Twa jier lyn waard in stazjêre fan it COC út de Súdwesthoeke fan Fryslân noch troch syn heit en mem de doar útset. Soademiterje mar op, seinen se. Stie er op 'e dyk."

Wa hat in foto?

De rûte is noch net hielendal kompleet. Der is nammentlik gjin foto fan Douwe Meijer fûn. "Dat is skande, dy man wie hiel moedich om yn de jierren '50 syn nekke út te stekken." Tigchelaar siket dêrom nei de famylje fan Douwe syn broer Johannes en hopet sa in foto fan him te finen.