Plysje pakt healneaken man mei fjoerwapen op yn Ljouwert

Oan de Bredeplaats yn Ljouwert is tongersdeitemiddei in betize man oanholden. De man stie neaken, en letter mei in broek oan, op it dak fan in wenning mei in fjoerwapen.
© Compact Media
De plysje sette in arrestaasjeteam yn, en hie de omjouwing fan de Groeneweg yn 'e stêd ôfset. Ek wiene brânwacht en in ambulânse oproppen foar assistinsje. De man koe úteinlik oanholden wurde troch de plysje.
Dizze twa studinten sieten ticht op it fjoer: