Sintrale As is 5 jier iepen: wat hat it opsmiten?

07 okt 2021 - 16:56

It is dizze tongersdei presys fiif jier lyn dat de Sintrale As yn gebrûk naam is. Jierrenlang is oer de dyk tusken Dokkum en Nyegea praat, en der is ek jierrenlang oan wurke. Wat hat de dyk opsmiten?

Sintrale As is 5 jier iepen

It effekt fan de Sintrale As it measte te fernimmen yn Dokkum, sei Jan Sijtsma fan Ekonomyske Saken fan gemeente Tytsjerksteradiel. Sûnt 2005 is hy al belutsen by de ûntwikkeling fan de dyk. "Dat plak lei foar de As it meast isolearre. Wy sjogge dat de rekreaasje en it toerisme tanimt. It wie in gouden slach as regio, wêrby't wy ús ynfrastruktuer no op oarde ha."

Earder dizze moanne waard ek bekend dat der problemen binne mei de Sintrale As. De dyk soe wetter lekke en dat soarget foar miljeuproblemen.

De dyk wurdt sûnt oktober 2016 in soad brûkt. Hjirûnder in oersjoch fan it tal minsken dat op in wurkdei de dyk brûkt:

Twa bedriuwen út Dokkum dy't de dyk sels in soad brûke, binne izerhannel Raadsma en transportbedriuw Klaas Westra. Beide ûnderfine foardielen fan de oanlis fan de dyk.

Sintraler plak

Raadsma stie op it punt om Dokkum te ferlitten, mar it bedriuw hat troch de Sintrale As besletten om dochs in nij ûnderkommen te bouwen yn Dokkum.

"Wy sieten op in lokaasje dy't te lyts wie. En wy woene nei in sintraler plak", fertelt eigener Hubert Raadsma. Fiif jier letter is it in goeie kar west om yn de stêd te bliuwen. "Troch de dyk ha wy in healoere tiidwinst de bus de dei. Yn totaal ha wy 16 bussen, dus dat makket foar ús sjauffeurs wol ferskil."

De Sintrale As - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It bedriuw fan Klaas Westra is personiel oanbelanget sels groeid. Der wurkje fiif jier letter gjin tsien, mar fyftjin man. Dat komt net allinne mar troch de Sintrale As, mar it hat wol meispile. Ek yn reistiid en slitaazje- en brânstofkosten sjogge se ferskil.

Goedkeaper

"Foar't de As der wie, wiene ús sjauffeurs middeis somtiden út Drachten wei hast in oere dwaande om yn Dokkum te kommen. Dêr stie it middeis altiten fêst. En wy meie mar safolle oeren ride de dei. Dan kamen je oer de oeren hinne en dan ha je wol in probleem. Dat makket no eins neat mear út. Wy ha ek minder slitaazje en brânstofkosten. Al dy rotondes soargen foar slitaazje oan de bannen en as je gewoan trochride kinne, is dat goedkeaper. Dan hâlde je mear jild oer foar personiel."

Trefwurden: 
Dokkum Sintrale As Nijega
(Advertinsje)
(Advertinsje)