Boete ûnder betingst foar sjauffeur dy't baas en planner oanfallen hat

In 52-jierrige frachtweinsjauffeur út Ljouwert koe net frij krije om by de dokter bloed te prikken. De man gie dêrom ferline jier augustus de direkteur en de planner fan it bedriuw dêr't er wurke te liif. De rjochter hat him no in boete ûnder betingst oplein.
Justysje © Shutterstock.com
De direkteur en de planner fan it bedriuw krigen beide klappen fan de fertochte. Ien fan de mannen hie reade strimen yn syn nekke om't de fertochte him by de kiel fêstpakte hawwe soe. Lang om let slagge it in froulike meiwurkster om de man ta bedarjen te bringen.

'Ferhalen klopje net'

Tongersdei op de sitting fan de plysjerjochter sei de fertochte dat de ferklearringen fan de direkteur, de planner en de tsjûgen net klopje soene. Hy soe de mannen allinne tsjin in muorre treaun ha om't se him oanfalle woene. Dêrnei hawwe se allegearre in ferhaal betocht, sei de fertochte, sa't se fan him ôfkomme koene.
De offisier fan justysje koe net meigean yn it ferhaal fan de fertochte en easke in boete ûnder betingst fan 750 euro mei in proeftiid fan twa jier. De rjochter kaam mei itselde fûnis. De sjauffeur hat ûntslach krigen.
De sjauffeur hat ek oanjefte dien fan mishanneling. Dizze saak is troch it IM lykwols seponearre.