38 hângranaten fûn op boerelân by Aldeboarn

07 okt 2021 - 15:51

By in boer út Aldeboarn binne ôfrûne wike 38 hângranaten út de Twadde Wrâldoarloch fûn. Dat seit wykagint Hein Landman op sosjale media.

It giet neffens Landman om Ingelske granaten fan it type Mills 36. Dat type waard yn de Earste en Twadde Wrâldoarloch brûkt troch it Britske leger. De eksplosive-oprommingstsjinst EOD fan Definsje hat de granaten op in feilich plak ta ûntploffing brocht.

Dropping yn De Deelen

Yn it gebiet hat begjin 1945 in wapendropping west. Yn it boek 'Droppingsveld Wardrobe' fan Hessel Bouma stiet de dropping yn De Deelen beskreaun. Dy hie hiel wat fuotten yn de ierde en wie in gefaarlike misje fan it ferset en de alliearden. It gie net samar en dizze dropping fan wapens waard ek in pear kear útsteld. Dan stiene de manlju te wachtsjen, mar der kaam neat.

Yn de nacht fan 5 op 6 jannewaris wie it wol safier. Fyftjin konteners mei wapenark kaam del.

(Advertinsje)
(Advertinsje)