RIVM: 73 nije coronabesmettingen yn Fryslân

07 okt 2021 - 15:31

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 73 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 9 mear as woansdei. Doe waarden 64 nije coronabesmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen. Boppedat meldt it RIVM dat der woansdei in steuring west hat: by it sifer fan hjoed kinne dêrom neimeldingen sitte.

Yn trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 72 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 71, in wike lyn op 76.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2760. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1887.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)