Ald-politikus Bareld de Vries ferstoarn: "In skoalmaster yn syn hiele wêzen"

Ald-PvdA'er en steatelid Bareld de Vries is ferstoarn. De âld-politikus wie earst skoften aktyf yn it Fryske ûnderwiis en waard dêrnei Steatelid. De Vries is 87 jier wurden.
Foto út it boek 'Geschiedenis van het onderwijs in Grou' © De Grouster
Bareld de Vries waard berne op in pleats by Garyp. Nei't er de Kweekskoalle yn Drachten folge, begûn hy oan syn lange karriêre yn it ûnderwiis. Sa wie hy ûnder oaren direkteur fan de mavo yn Surhústerfean.

'In skoalmaster yn syn hiele wêzen'

"Hy hat op it mêd fan ûnderwiis geweldich aktyf west", seit Bert Mulder, âld-deputearre fan de PvdA. Doe't Bareld letter politikus waard, wie hy ek tige oertsjûgjend, seit Mulder. "Hy koe mei faasje prate, dat wie geweldich. Hy koe oaren oanfiterje. Hy wie in echte skoalmaster, yn syn hiele wêzen."

Het Lagerhuis

De Vries waard lanlik ferneamd troch mei te dwaan oan it VARA-programma Het Lagerhuis. De Vries kaam ek in soad by Eelke Lok, yn syn radioprogramma 'It Wapen fan Fryslân'.
Lok: "Yn dizze tiid soenen je De Vries omskriuwe as aktivist. Hy hie ek in hiel foaroansteande rol yn de Fryske staveringskwestje. In hiel aktyf man."
"Doe't hy yn Het Lagerhuis siet, ha ik in pear kear mei him meiwest", fertelt Lok. "Sa entûsjast oft er doe wie, prachtich!"

Politike heit

Sicko Heldoorn, âld-Steatelid en op it stuit waarnimmend boargemaster fan Heemskerk, neamt De Vries syn politike heit. "Hy wie altyd optimistysk. As ik it hielendal net sitten seach, dan seach hy altyd noch wol ljochtpuntsjes."
"Ik ha sneintemiddei noch by him west. Dat entûsjasme, it fjoer en de spirit wiene der noch altyd, dat wie bjusterbaarlik."
De Vries wie heit fan ûnder oaren boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân en Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân. By Jannewietske de Vries hat er oan de ein fan syn libben wenne.
Eelke Lok en Sicko Heldoorn fertelle oer Bareld de Vries