Reinbôgeflagge oer de Alvestêdehal: "Diskriminaasje oan 'e oarder fan de dei"

07 okt 2021 - 14:35

Ynklusiviteit en diversiteit moatte we fiere, fine de Moeders en Vaders van Fryslân. Dêrom waard tongersdei in enoarme reinbôgeflagge oan de Alvestêdehal yn Ljouwert ophongen.

Reinbôgeflagge oer de Alvestêdehal

Der binne de lêste wiken mear as tûzen reinbôgeflaggen pleatst yn Nederlân. De aksje fan Regenboogvlaggen voor Nederland sette yn Ljouwert útein mar is yntusken ek oer de steds- en provinsjegrinzen oanslein. "We ha it útwreide nei Nederlân, want elkenien omearmet dit inisjatyf", seit inisjatyfnimmer Sipke Jan Bousema.

1.100 flaggen

Om it earste doel te fieren, it ophingjen fan 1.100 flaggen, waard woansdei in gigantyske reinbôgeflagge oan de Alvestêdehal hongen. Doel wie om foar 16 oktober 1.100 flaggen te heljen, mar de aksje giet rapper as ferwachte.

Foto: LEO Middelsé, Lennard Geerts

"It is de flagge fan ynklusiviteit en diversiteit, dat meie we fiere", seit Bousema. Omtinken foar de LHBTI+-mienskip is noch altyd hurd nedich, fertelt de presintator.

Foto: LEO Middelsé, Lennard Geerts

It is gewoan wichtich dat wat eins al normaal is, ek normaal te meitsjen.

Sipke Jan Bousema

"In hiel protte minsken, âlderein en jongerein, wurde noch diskriminearre, wurde útsluten", giet Bousema fierder. "It is gewoan wichtich dat wat eins al normaal is, ek normaal te meitsjen."

Troch de provinsje

De flagge hinget noch efkes oan de Alvestêdehal, dêrnei folget in toer troch de provinsje. "De bedoeling is dat de flagge Fryslân trochreizgje sil. We nûgje gemeenten en steden út om harren by ús te melden om dizze prachtige, ikoanyske flagge by harren op te hingjen."

Sipke Jan Bousema oer de aksje

(Advertinsje)
(Advertinsje)