Needopfang Heech binnen in dei fol
De needopfang yn Heech foar 150 asylsikers rekket tongersdei noch fol. Dat is yn minder as 24 oeren, want de earste asylsikers kamen woansdeitejûn oan.
De tydlike opfanglokaasje sit yn it eardere StayOkay yn Heech. Dy herberch wurdt op it stuit ferboud, mar de eigeners stelle in part fan it terrein beskikber foar asylsikers mei in ferbliuwsfergunning.
De minsken yn Heech ha ek rjocht op in eigen hûs, mar dy binne der net. De opfang yn Heech bliuwt iepen oant 1 maaie.
Earste fyftich woansdei
De gemeente Súdwest-Fryslân is tiisdei akkoart gongen, woansdeitejûn kamen de earste fyftich asylsikers oan en tongersdei dus nochris sa'n hûndert.
Der binne minsken oerbrocht út Ter Apel wei. Dêr is te min plak: by it oanmeldsintrum dêr ha hûnderten asylsikers op stuollen en stretchers slept, meldt Nieuwsuur.
Ferlet fan minsken
It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) fersoarget de opfang yn Heech. Dêrfoar hat it COA ek ferlet fan minsken. De opfangorganisaasje hat by de gemeente Súdwest-Fryslân fuortendaliks fiif minsken fûn.
Noch net alles wie klear yn Heech foar de opfang. Tal fan meubels ûntbrutsen bygelyks noch. Dy wurde tongersdei ek allegear brocht.