Boalserter Bolletongersdei kin wer trochgean: "It rint stoarm"

07 okt 2021 - 13:40

120 ûndernimmers en yn totaal sa'n tûzen meter oan kreamen: Bolletongersdei yn Boalsert kin dit jier wer trochgean.

De boeremerkdei yn Boalsert is gewoanwei alle jierren op de earste tongersdei fan oktober. Boeren lutsen eartiids nei de stêd om har jonge bollen te ferkeapjen en de boerinnen diene ynkeapen op de merk.

No is it in grutte feestmerk, mei kreamkes út de regio. Tongersdeitemoarn om 4.30 oere stie alles klear en al betiid komme de merkkeaplju nei Boalsert ta. Sjoerd Reitsma moat alles yn goede banen liede. "It rint stoarm", fertelt er. "Mei in grutte groep frijwilligers moatte we derfoar soargje dat it gjin gaos wurdt."

Platfoarm

Reitsma hat sels ek altyd op de merk stien. Hy hopet dat elkenien wer wat fertsjinje kin. "It hat fansels even stilstien. It is moai dat we wer in platfoarm delsette kinne foar de winkellju."

It hie wol wat fuotten yn 'e ierde, want pas fjouwer wiken lyn is alles rûnkaam. "We ha hiel gau ús wurk dien om hjoed klear te wêzen."

Maatregels

Dat waard tiid, fynt Reitsma, want troch corona binne in soad merken net trochgongen. En ek yn Boalsert jilde noch hieltyd maatregels. "We moatte de rinpaden fan trije meter breed frijhâlde en we meie gjin opheapingen ha fan ferkearsstreamen."

Om de stêd frij te hâlden fan auto's, kinne minsken bûten de stêd parkearje. "En dan binne der treintsjes om de minsken fan dat parkearplak nei de stêd ta te bringen."

Ferslachjouwer Willem Vermelfoort socht nei de bêste ferkeapstrategy yn Boalsert

Trefwurden: 
Boalsert Bolletongersdei
(Advertinsje)
(Advertinsje)