It ferhaal achter: "Bealgje, dat is it"

De simmer fan dit jier wie net ien fan de ekstreme waaromstannichheden: net folle sinne, ek net folle rein, gjin hjitteweagen en ek gjin flinke stoarmen. Oare jierren wie dat wol oars.
© Omrop Fryslân
Yn maaie 2018 bygelyks wie in flinke hjitteweach. Temperatueren rûnen yn Fryslân op oant wol 34 graden. En dy waarsomstannichheden binne net foar elkenien like noflik.
Sa ek net foar de trije hearen Visser, dy't yn it deistich libben wurkje as strjitlizzers. Yn maaie fan dat jier kamen sy by Omrop Fryslân yn it nijs, omdat sy wurkje moasten yn de gleonhite sinne. Se stienen út de wyn tusken twa loadsen op it Hearrenfean. En Jan Visser (no 25 jier) die doe de treffende útspraak: "Bealgje, dat is it".

Wurkje yn in treintsje

Jan wurket mei syn heit (Heddy) en omke (Jan) by itselde bedriuw. Al harren wurk dogge sy mei har trijen. En dat giet hartstikke bêst: "Wy binne oan inoar wend en witte wat we oan inoar ha. Je wurkje wat yn in treintsje en dat giet hiel soepel. We ha eins noait gjin geseik. Der is fansels wolris in mieningsferskiltsje, mar as ien útleit wêrom't er fynt dat it better oars kin, hat er sa no en dan ek wol wer gelyk."
Jan Visser oan it wurk © Omrop Fryslân
Alle dagen mei dyn heit en omke oan it wurk, hast dan noait dyn nocht? It antwurd is nee: "Ik wenje net mear thús, dus ik sjoch ús heit eins allinnich op it wurk. Mar doe't ik noch wol thús wenne, koene wy it wurk en thús goed skieden hâlde. Oan de itenstafel hiene we it net mear oer it wurk."
Mei har trijen itselde berop útfiere by itselde bedriuw, dat is gjin tafal. "Myn pake hat ek strjitlizzer west. Myn heit gong eartiids mei ús pake mei, mar dy is no al in skoft mei pensjoen. Doe gie ús heit fierder mei ús omke en doe seinen se: "Do kinst ek wolris mei." Doe hat er it der mei de baas oer hân en sa bin ik der ek by kaam."
It moaie oan dit wurk is datst altyd mei kollega's ûnder elkoar bist en oeral en nergens komst.
Jan Visser
"Ik fyn it moai wurk: ik bin gjin stilsitter, ik moat wol in bytsje bewege en bin graach bûten. Eartiids wie ik ek noait yn 'e hûs, ik wie altyd bûten. En ik fyn it moaie oan dit wurk datst altyd mei kollega's ûnder elkoar bist en oeral en nergens komst."
De manlju binne dus in goed team, mar net yn alle waarsomstannichheden giet dat like moai. Jan fertelt oer dy middei fan trije jier lyn: "It wie doe echt hiel hyt, it wie eins gjin dwaan mear. En der stie hast gjin wyn tusken de loadsen dêr't we oan it wurk wiene. Sa no en dan giene we wat ûnder de beamen stean om wat te drinken, mar de meters moatte wol makke wurde op in dei. It wurk moat op 'e tiid ôf."
Drok oan it strjitlizzen © Omrop Fryslân
Yn watfoar waarsomstannichheden de manlju dan wól graach wurkje? "As it lekker is bûten. De sinne hoecht der fan my net by te wêzen, in bytsje berûne loft is just wol lekker. As it sa waarm is, wurde de knibbels switterich en read en geane se flugger iepen. En hast ek gjin tiid om te bekommen, want moatst de folgjende dei wer."
Te kâld is ek gjin opsje: "Yn de winter wurkje wy faak net. As it ferzen hat, kinst sawiesa net strjitlizze, dus dêr wurdt it allegear wat lestiger fan. Yn de wintermoannen is der faak ek net folle wurk. Yn febrewaris of maart begjinne wy dan wer."
© Omrop Fryslân
Yn de fideo is te sjen dat alle trije manlju it deroer iens binne dat dit gjin wurk is om oant je 67ste te dwaan. Jan seit dêroer: "De rêch en de knibbels binne dan wol op tink ik. Ik bin no 25 jier en ik fernim it no al. Wy moatte mei ús trijen alle dagen 150 kante meter lizze. Dat fiif dagen yn de wike, fjirtich oeren, dat hâldt dyn lichem noait lang fol."
Nei fjirtich jier wurkjen is it wol tiid foar pensjoen, fine de manlju.
Besjoch de reportaazje mei Jan Visser en syn heit en omke:
It ferhaal achter: "Bealgje, dat is it"
De útspraak fan Jan waard populêr op Facebook. Check ek ús oare socials: Instagram en LinkedIn.
Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder