Hûzen yn Fryslân 23 persint djoerder as in jier lyn

De hûzeprizen yn Fryslân binne yn it tredde fearnsjier mei 23 persint tanaam yn ferliking mei in jier lyn. It is de grutste priisgroei yn 21 jier.
© ANP
Dat docht bliken út de sifers fan makeldersferiening NVM. In hûs yn Fryslân koste yn it tredde fearnsjier yn trochsneed 338.000 euro. Dat is net allinnich djoerder as in jier lyn, mar ek 8 persint djoerder as yn it foarige fearnsjier.
De NVM hat yn Fryslân in merkoandiel fan 70 persint.
Fia NVM-makelders binne de ôfrûne trije moannen 1.036 hûzen ferkocht, dat is 30 persint minder as yn deselde perioade in jier lyn. It is ek 5 persint minder as tusken april en juny.

Net in soad oanbod

"De oanhâldende krapte op 'e merk docht goed bliken út dizze sifers", seit Willem Donker. Hy is makelder en foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan de NVM. It wenningoanbod hat yn 21 jier net sa leech west.
Hûzen steane yn Fryslân gemiddeld 22 dagen te keap. "Hûzen wikselje dus noch hieltyd rap fan eigener", seit Donker. "De konstant lege hypoteekrinte, relatyf geunstige finansieringsbetingsten en de krapte op de merk soargje dêrfoar. Benammen yn de heechste merksegminten."

Rekôr op rekôr

Lanlik waarden hûzen yn trochsneed foar 419.000 euro ferkocht, dat is foar it njoggende fearnsjier op rige in rekôr. En 79 persint fan de hûzen waard boppe de fraachpriis ferkocht. Yn Fryslân lei dat sifer op 73 persint.
Donker sjocht ek in trend feroarjen: it tal keapers dy't út de Rânestêd nei Fryslân ta komme is net heger as in pear persint. Ferline jier wie dat noch 11 persint.

Oerheidsmaatregels wurkje net

De oerheid hat besocht om guon minsken te helpen op de wenningmerk, mar dat hat hielendal net holpen, seit Donker. "Nim bygelyks de saneamde 'jubelton' of de startersregeling, wêrby't starters fan jonger as 35 jier sûnt dit jier gjin oerdrachtsbelesting mear hoege te beteljen. Beide maatregels ha hûzen net goedkeaper makke."