Trije minderjierrige Ljouwerters oanholden foar besykjen ta deaslach

07 okt 2021 - 08:59

De plysje yn Ljouwert hat trije minderjierrige Ljouwerters oanholden op fertinking fan besykjen ta deaslach. Se soenen in famke mishannele ha.

Foto: ANP

It ynsidint barde yn it Dr. Zamenhofpark yn Ljouwert. Der waard it slachtoffer slein en skopt, ûnder oare tsjin har holle, meldt de plysje. De saak is noch yn ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)