Earste asylsikers oankaam yn Heech: "Anders sliepen ze in de bus"

07 okt 2021 - 11:02

De earste asylsikers mei in ferbliuwstatus ha woansdeitenacht al slept yn de tydlike needopfang yn Heech. "We hebben dinsdagavond akkoord gegeven", seit wethâlder Gea Wielinga. "Anders hadden ze in de bus moeten slapen of ergens anders heen."

De eardere StayOkay yn Heech - Foto: Omrop Fryslân

Woansdeitejûn binne de earste fyftich asylsikers oankaam yn Heech, by de eardere StayOkay. "Het is een heel schrijnende situatie", fertelt Wielinga. "De mensen zaten al in de bus. Ze hebben gewoon geen plek. Vandaag komen er nog zo'n veertig aan."

Noch net alles is klear yn Heech, mar de bêden en de dûsen wol. "Daar waren ze ook aan toe", seit Benny Schonewille fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA). "Ze waren moe. En een meneer wilde graag onder de douche."

Druk is heech

Yn totaal is der plak foar 150 minsken yn Heech. It giet om minsken dy't in ferbliuwsfergunning ha. Se ha ek rjocht op in eigen hûs, mar dy wenningen binne der net. De opfang yn Heech bliuwt iepen oant 1 maaie.

It soe samar kinne dat foar de ein fan dizze wike de opfang yn Heech fol sit, seit Schonewille. "Zoals bekend is de druk redelijk hoog. Ik verwacht dat het snel vol zal stromen."

Dat de druk heech is, waard dizze wike dúdlik op oare plakken yn Nederlân. By it oanmeldsintrum yn Ter Apel ha hûnderten asylsikers op stuollen en stretchers slept, meldt Nieuwsuur. Neffens demisjonêr steatssekretaris Ankie Broekers-Knol is der 'samar' in enoarme tarin. It is net foar it earst dat der sokke problemen binne.

Wat noch ûntbrekt yn Heech binne meubels en in waskmasine foar de klean. Schonewille ferwachtet dat dat tongersdei allegear rûn komt. "We gaan eerst zorgen dat de mensen iets te eten krijgen. En dan komen straks de meubelen. Het wordt een drukke dag."

De eigeners fan de herberch, dy't op it stuit ferboud wurdt, ha koartlyn oanbean om minsken op te fangen. "Zo'n proces gaat dan heel snel", seit Wielinga. "Half september hebben we dorpsbelang ingelicht, en 27 september hadden we een informatieavond."

Gea Wielinga - Foto: Omrop Fryslân

Dy jûn waard neffens de wethâlder dúdlik dat der in soad draachflak wie. "Natuurlijk waren er ook kritische vragen. Dat is heel terecht en dat moeten we serieus nemen. Maar de geluiden waren overwegend positief."

De vrijwilligers kunnen in principe vandaag al aan de bak.

Wethâlder Gea Wielinga

Foar it grutste part giet it om famyljes dy't nei Heech ta komme. Dêr is it plak ek geskikt foar, seit Wielinga. "Het is een heel mooie accommodatie, met kamers voor drie tot acht personen. Het COA regelt het personeel. Maar het zou ook hartstikke mooi zijn als vrijwilligers willen helpen."

De earste frijwilligers ha har op de ynfojûn al oanmeld. Sy kinne de asylsikers helpe mei bygelyks de taal. "Ze kunnen in principe vandaag al aan de bak", seit de wethâlder. "Gisteren hebben ze allemaal bericht gekregen."

Hoe't it komt mei de bern en eventuele skoallessen, is noch ôfwachtsjen. Wielinga. "We moeten nog kijken welke gezinnen het zijn: hoeveel kinderen, van welke leeftijd? In principe kunnen ze naar een reguliere school, maar dat gaat allemaal in overleg met het COA."

(Advertinsje)
(Advertinsje)