Singelland VO Surhústerfean hat in nij fak: Technology & Tapassing

De learlingen fan it Singelland VO yn Surhústerfean fiere dizze wike de ôftraap fan in nij fak: Technology en Tapassing. Ferline jier krige de skoalle dêr subsydzje foar.
© OSG Singelland - VO Surhuisterveen
Yn augustus sette de skoalle al útein mei it fak foar vmbo-tl, mar dêr heart ek in nij lokaal by. Wethâlder Jouke Spoelstra hat no dat nije technyklokaal iepene. De 24 learlingen wurkje dêr yn groepsferbân oan projekten fan opdrachtjouwers út it wurkfjild en fan de gemeente.
Ferslachjouwer Ben de Jager by it nije T&T-lokaal
Studinten krije dus net samar in opdracht, mar eins in probleem dat oplost wurde moat. Hoe't dy oplossing derút komt te sjen, dat meie se sels ynfolje. Dosinten binne mei dit fak eins mear coaches as tradisjoneel dosint. Selsstannigens, ferantwurdlikens, fouten meitsje en dy ek wer oplosse, dêr draait it by it fak om.

Fan karfak nei fêst fak

Yn it lokaal binne ûnder oare in lasersnijer, 3D-printer en in green screen te finen. De earste opdracht fan de learlingen is it ûntwerpen fan in logo foar it fak. Dêrnei krije sy in opdracht fan de gemeente: it betinken fan in oanpak fan oerlêst op strjitte. Op dit stuit is it fak noch in karfak, mar it is de bedoeling dat fan 2024 ôf alle learlingen it krijt.
© OSG Singelland - VO Surhuisterveen