KNMI warskôget foar tichte mist: koade giel

Yn Fryslân en in grut part fan it easten fan Nederlân jildt tongersdeimoarn koade giel fanwegen mist. Op guon plakken is it sicht minder as 200 meter.
© Albert Thibaudier
Dat kin foar gefaarlike situaasjes op de dyk soargje, warskôget de KNMI. It ynstitút riedt minsken oan om de snelheid oan te passen en genôch ôfstân te hâlden.
De warskôging jildt oant 12.00 oere. "Dêrnei flink wat sinne", seit waarman Piet Paulusma. "It wurdt in moaie dei. Kommende nacht wer kâns op in soad mist."
It waarberjocht fan Piet Paulusma tongersdeitemoarn