Fuotbaloantinkens tsjin iensumens: wer efkes werom yn it stadion

Mei syn allen oantinkens oan fuotbal ophelje, dêr giet it om by it projekt 'Fuotbal memories'. Op dy wize kin iensumens by âlderein tsjingien wurde, want in soad âlderein hat net mear safolle sosjale kontakten.
Jaap Sierdsma wit de wedstriid mei de sân goals fan Afonso Alves noch wol:
"De krêft fan de oantinkens fan it fuotbaljen ynsette om iensumens te bestriden", sa leit inisjatyfnimster Margryt Gerritsma it út. "Benammen by minsken mei demintens. It effekt is by har oantoand, minsken libje op as sy oer eartiids prate kinne. Mar ek yn it algemien kin it in soad dwaan."

Jaap (94) efkes werom yn it stadion

Jaap Sierdsma fan it Hearrenfean is 94 jier. Jierren hie hy in seizoenskaart en sloech hy gjin thúswedstriid oer. Troch syn sykte komt er net mear yn it stadion. Sierdsma: "Ik fyn it prachtich. Ik haw hjir jierren omspaand en ik kom ek in soad bekenden tsjin, mar nammen ûnthâlde dat kin ik net mear."
Jaap Sierdsma en Johnny Jansen © Omrop Fryslân
Jaap Sierdsma wie lang as frijwilliger ferbûn oan sc Hearrenfean. Sa wie hy sjauffeur om jonge fuotballers fan en nei de klup te bringen. Under oaren haadtrainer Johnny Jansen siet by him yn 'e bus. Johnny Jansen: "Toen ik hier als 16 jarige rondliep was meneer Sierdsma onze chauffeur. Als ik nu hoor wat hij daar allemaal nog van weet, dat vind ik wel heel bijzonder."

By tehuzen del

sc Hearrenfean is fan doel om mei it projekt 'Fuotbal memories' ek by de fersoargingshuzen del te gean, omdat net eltsenien nei it Abe Lenstra Stadion komme kin.