Danny Noppert nei kwartfinale World Grand Prix

06 okt 2021 - 23:08

Danny Noppert hat woansdeitejûn yn Leicester de kwartfinale fan de World Grand Prix berikt. De 30-jierrige Jouster wûn mei leafst 3-0 yn sets fan syn lângenoat Vincent van der Voort.

Foto: Orange Pictures

Beide manlju begûnen mei goed nivo oan de wedstriid. Van der Voort bruts Noppert yn de earste leg en hold dêrnei ek nochris syn eigen leg. De Fries kaam lykwols werom oant 2-2. Yn de fyfde leg wie Noppert rap iepen en pakte hy fia dûbel achttjin de earste set.

Sterke finishes

Ek yn de twadde set gie de Fries goed troch. Hy kaam al gau op 2-0 mei finishes fan 130 en 101. Van der Voort pakte noch wol syn eigen leg, mar dêrnei helle Noppert mei in finish fan 62 fia tops ek de twadde set binnen.

Van der Voort kaam yn de tredde set tichter by Noppert. De Fries kaam wol op foarsprong, mar seach de man út Purmerend weromkomme oant 2-2 yn legs. Noppert bleau lykwols rêstich en fersekere him fia dûbel alve fan in plak yn de kwartfinale fan de Grand Prix.

Kwartfinale

Ofrûne moandei wûn de Fries yn de earste ronde noch fan Michael van Gerwen. Yn de kwartfinales yn Leicester treft hy letter dizze wike Ingelskman Ian White.

De World Grand Prix is it iennige toernoai yn it jier dêr't de darters mei in dûbel begjinne, en einigje moatte. Dat format smyt oer it algemien spannende wedstriden op. It toernoai wurdt dit jier yn it Ingelske Leicester hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)