Walrus by Harns wer útnaaid: diere-ambulânse hopet no op rêst

06 okt 2021 - 22:12

De walrus dy't al in wike yn de omkriten fan Harns swimt, hat woansdeitejûn dochs wer foar it wetter fan de see keazen. De walrus lei lang op de Suderpier en de diere-ambulânse hâldt dizze pier ek noch efkes ticht. Dat is foar it gefal de walrus dochs beslút om werom te swimmen.

Foto: CAMJO media

Meiwurkers fan de diere-ambulânse hâlde yn de nacht fan woansdei op tongersdei noch de wacht. Meiwurkers fan seehûnesintrum Pieterburen binne al wol fuort.

Spotters út België wei

De diere-ambulânse ferklearre dat it woansdei de hiele dei smoardrok west hat yn Harns: men wie der op in gegeven stuit dan ek wol klear mei. Der kamen sels spotters út België en Limburch op it bist ôf. De hoop is dêrom dat de walrus net wer opnij opdûkt en in wei nei it noarden kiest.

Goed twa wiken lyn waard de walrus foar it earst waarnommen yn it Waadgebiet. Earst by de sânplaat Simenssân by Skiermûntseach, sûnt 30 septimber by Harns.

Trefwurden: 
Harns Suderpier Walrus
(Advertinsje)
(Advertinsje)