Fryske ûndersiker: "Wy kinne net sûnder gas út Waadsee en lytse fjilden"

06 okt 2021 - 20:01

Enerzjyprizen sjitte troch it dak troch it tekoart oan gas. Dat is net in ynsidint, stelt ûndersiker Jilles van den Beukel fan Appelskea. Hy komt dan ek mei in kontrêr stânpunt: de gaswinning út lytse gasfjilden en ûnder de Waadsee moat trochgean.

Gaswinning by de Waadsee - Foto: Shutterstock.com (Erik Koole Photography)

Undersikers fan it HCSS (The Hague Centre for Strategic Studies) hawwe in rapport skreaun mei suggestjes oan de Nederlânske oerheid. Jilles van den Beukel wurke earder foar Shell en NAM, mar is hjoed-de-dei as enerzjy-analist oan it sintrum ferbûn.

Nederlân kin noch lang net sûnder lytse gasfjilden en gaswinning ûnder de Waadsee wurdt op dit stuit wol hiel maklik ôfsketten. Dat is de analyze fan Van den Beukel.

Ekstreme situaasje

Noch net earder hawwe de gasprizen sa heech west as no. Grutte fabriken moatte de produksje stillizze om't de kosten te heech oprinne. En foar hûshâldens driget in flinke ferheging fan de enerzjyrekken. "Op de gasmarkt is de huidige situatie echt extreem", seit ek Van den Beukel. "Als je het omrekent in olie, dan praat je over ongeveer 300 dollar per vat. Dat is heel hoog, zelfs bijna een beetje beangstigend."

'Lytse fjilden brûken bliuwe'

Dêrom moat Nederlân karren meitsje, fynt hy. Foar de wissichheid fan levering, foar it klimaat en út finansjeel eachpunt. "Nederland zou in ieder geval de kleine velden overeind moeten houden. Elk beetje gas wat je niet in Nederland produceert, moet je ergens anders vandaan halen. En in de praktijk is dat toch Rusland", seit hy.

Gaswinning fan Vermilion yn Aldlemmer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Foar it gasoanbod kin ek it gasfjild by Ternaard, ûnder de Waadsee, goed brûkt wurde. "Het veld bij Ternaard is met vijf miljard kuub best wel groot. Zo groot vind je ze niet vaak meer, ook niet in de Noordzee." Van den Beukel fynt persoanlik dat de gaswinning dêr dus wol trochgean moat.

'Skea oan it Waad falt wol ta'

Hy tinkt ek dat de gefolgen foar de natuer wol tafalle. "Ik kan me voorstellen dat mensen zeggen: de Waddenzee is zo mooi, daar moet je niets doen. Maar het is naar mijn inschatting niet zo dat dit nu echt zulke grote schade aanricht in de Waddenzee. Er is een hele kleine kans op bevingen. Er is een beetje bodemdaling, maar dan moet je aan een paar centimeter denken. Maar het mooie van de Waddenzee is dat het zich ook weer opvult met sediment."

Hat Nederlân de gefolgen ûnderskat?

Van den Beukel fynt dat Nederlân ûnderskat hat wat de gefolgen wêze soene fan it ophâlden mei de gaswinning yn Grinslân. "Voor het besluit valt best wat te zeggen, maar dan had je toch meer werk moeten maken van het voorbereiden van een geheel nieuwe wereld. Daarin zijn we een grote gasimporteur, die voor de leveringszekerheid in de winter afhankelijk is van goed gevulde gasopslagen. Dat is niet gebeurd.

Undersiker Jilles van den Beukel fan Appelskea

Op dit stuit binne de gasopslaggen yn Nederlân net goed fol, wylst de winter der oan komt. "Voor het aanvullen van de gasopslagen is het echt te laat, dat doet men van 1 april tot 1 oktober. Ze zijn half gevuld in plaats van helemaal." Dêrom soene de kommersjele gasopslaggen yn stân holden en útwreide wurde moatte, seit de ûndersiker.

Ek soe Nederlân derfoar soargje moatte dat it langetermynkontrakten ôfslút mei leveransiers. As net ien de rezjy nimt, driget in tekoart oan gas, tinkt Van den Beukel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)