Minder bestridingsmiddels by jierpels mooglik, mar de ein komt yn sicht

Sân Steatefraksjes wolle dat der yn Fryslân minder pestisiden ynset wurde. Boeren wolle meiwurkje, mar sizze ek dat de rek der op in gegeven stuit út is. Woansdei kamen 22 Steateleden del by bouboer Anko van der Bos yn Holwert.
© ANP
GrienLinks, SP, PvdA, FNP, D66, PvdD en 50PLUS fine dat der te folle skealike gemyske middels brûkt wurde troch oerheden, bedriuwen en konsuminten. Dat hat minne effekten op de ynsektepopulaasje, de wetterkwaliteit en de boaiemkwaliteit. As it oan de sân partijen leit, wurde yn 2030 folle minder pestisiden brûkt.
Dat wolle de partijen foarinoar krije mei ûnder oare foarljochting en it stimulearjen fan brûkers om dermei op te hâlden. It nijs út de Steaten kaam by guon boeren wol wat nuver oer de flier. "Wy sloegen wat yn de wjerstân", seit Anko van der Bos. "It kaam efkes ferkeard del."

Folslein sûnder pestisiden net mooglik

It folslein skrassen fan bestridingsmiddels is net mooglik, sa seit hy. It net spuitsjen tsjin de jierpelsykte fytoftora kin liede ta in treddepart minder opbringst en it net spuitsjen tsjin luzen kin ta sa'n fjirtich persint minder opbringst liede, sa skat Van der Bos. Oan de kust hawwe boeren noch in geunstige lizzing om ferliezen te kompensearjen, mar oare boeren net.
As foarbyld neamt hy de biologyske boeren. "Wy hawwe in wiete simmer hân, it jierpellân hat lang wiet west. De biologyske sektor wie der ta twongen om healwei juny al de jierpels dea te brânen op in biologyske wize. Dan moatte sy mei folle minder ynkomsten nei hûs."

"Der is oer te praten"

Dochs hat Van der Bos in goed petear hân. "Neffens my wie it in konstruktive gearkomste. Wy hawwe as sektor sjen litten wat der spilet. Wy hawwe sjen litten wat der allegearre al bard is om it gebrûk fan bestridingsmiddels te redusearjen ta it minimale. Der is wol oer te praten en der binne ek wol raakflakken."
Bouboer Anko van der Bos yn Holwert
It is mooglik om noch wat minder bestridingsmiddels te brûken, mar de ein komt in kear yn sicht. Dat is it boadskip fan Van der Bos. "Wy kinne noch in reduksje fan 10-15 persint realisearje, mar dêr hâldt it wol mei op."