Femke Faber as iennichste Fries opnaam yn EK kuorbal-seleksje

06 okt 2021 - 20:04

Femke Faber is as iennige Fries opnommen yn de seleksje foar it EK kuorbaljen. Bûnscoach Jan Niebeek hat woansdei syn seleksje bekend makke, foar it Europeesk kampioenskip.

Femke Faber foar TeamNL - Foto: Marco Spelten, Actiefotografie

De 26-jierrige Femke Faber komt fan De Gordyk. Sy spilet foar LDODK. It is bysûnder foar Faber, om't dit har earste ynternasjonale eintoernoai is mei TeamNL Kuorbal. Niebeek hat sân froulju en sân manlju selektearre. Faber is de iennichste kuorballer út Fryslân yn de teams.

Yn it ferline spile Faber al by Jong Oranje, mar letter krige sy lêst fan de knibbel. Sy stapte sels efkes út de sport wei, mar kaam letter werom. Hjoed-de-dei spilet sy mei in brace, mar sy hat har goed weromfochten. Faber makke yndruk op bûnscoach Niebeek.

Foar it earst yn aksje yn Wolvegea

Faber komt foar it earst ûnder de flagge fan de Nederlânske ploech yn aksje yn de eigen provinsje. Op 12 oktober spilet TeamNL yn Wolvegea by SCO/Motip Dupli tsjin in regioteam.

De earste wedstriid op it EK is op 25 oktober tsjin Ingelân, letter wurdt der tsjin Portugal en Hongarije spile. Om't it EK ein oktober noch spile wurdt, skoot ek de Kuorbal League op. Dy set op 20 novimber pas útein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)