Omwenners fan fleanbasis Ljouwert klear mei lûdsoerlêst F-35

06 okt 2021 - 19:14

Omwenners fan de fleanbasis binne klear mei de lûdsoerlêst fan de fleantugen. Der wurde op it stuit eineksamens dien en ek it brûken fan de neiferbaarners feroarsaket hege lûdspiken.

Marsumers binne klear mei de F-35:

It is op dit stuit net mear út te hâlden yn Marsum. Tjerkje Zwanenburg seit dat it lûdsoerlêst noch nea sa slim west hat. "Ik wenje myn hiele libben al yn Marsum. Sûnt de komst fan de F-35 wurdt it hieltyd lûder en mear."

It is no sa slim dat Zwanenburg pine krijt. "Ik krij op dit stuit trillingen op it boarst wat my gewoan sear docht. Ik wurkje ek noch thús, dus sit hjir de hiele dei mei. En der binne mear minsken fan de buert dy't dit ha."

'Unakseptabel'

Zwanenburg fynt dat it net langer kin. "Sûnt corona moat ik thúswurkje, ik wit no wat dy pensjonearren hjir hawwe. Dit is ûnakseptabel."

Doarpsbewenners binne klear mei de F-35

Sy is net de iennige dy't der sa oer tinkt. In doarpsbewenner dy't al tachtich jier yn Marsum merkt ek dúdlik ferskil mei de F-16's: "Wy ha hjir in hiele striid hân om de huzen isolearre te krijen, en dat is moai dien. Mar no mei dy nije fleantugen is it krekt as is it net mear isolearre."

In oare doarpsbewenner fynt it wenjen yn it doarp troch de oerlêst net noflik mear. "Het is geluid en het stof, alles met elkaar maakt het leven er hier niet prettiger op."

Mijn gehoor is helemaal naar de knoppen.

Omwenner fan fleanbasis Ljouwert

De man seit dat der letsel hat dat direkt werom te lieden is nei de fleantugen. "Door één van die vliegtuigen die over kwam is er iets gebeurd in mijn hoofd. Mijn gehoor is helemaal naar de knoppen."

Eineksamens en neiferbaarners

De fleanbasis befêstiget dat der op it stuit mear aktiviteit yn de loft is. Sa binne der no eineksamens fan de kursus wapenynstrukteur, wêr't ek Dútske en Noarske ienheden by binne.

Boppedat brûke de tastellen yn bepaalde situaasjes in neiferbaarners, sa't de fleantugen flugger de hichte yn geane. Tjerkje herkent beide: "Se nûgje eltsenien hjir út. Der komme hieltyd mear fleantugen. Lit se dat earne yn Noarwegen dwaan, dêr't net safolle minsken binne."

Gerard Veldman oer it lûd op de fleanbasis

Gerard Veldman fan de Commissie van Overleg en Voorlichting Milieu (COVM) fertsjinwurdiget de omwenners fan de fleanbasis. Hy hat de ôfrûne dagen hegere lûdspiken sjoen: "Dêr't it yn it ferline om de 100dB siet, dêr komme we no op 110 oant 115dB."

En by sokke wearden meitsje dy tsien oant fyftjin desibel in grut ferskil, leit er út. It wurket nammentlik sa, dat wat heger de desibels, wat lûder elke ekstra desibel wurdt. "En dat is in hiel swier lûd dat je dan hearre, wat ek skea feroarsaakje kin oan it gehoar."

Ofwikend fleangedrach

De oerlêst is maklik te ferklearjen, seit Veldman: "De reden is fansels de oefening dy't der no is, wêr't no ek in soad bûtenlânske gastfleaners binne. Dêrom wurdt der mear flein, mar ek mear ôfwikend flein."

De oerlêst soe him benammen sitte yn dat ôfwikend fleanen. It betsjut neffens Veldman dat fleaners net altyd de gebrûklike rûtes fleane, wêrby't it doarp mear ûntsjoen wurdt. "Der binne bepaalde rûtes dy't se fleane moatte, mar net eltsenien is dêr fertroud mei. En dat feroarsaket faak mear leven."

Net bûn oan desibels

Netsjinsteande de botte oerlêst, oertrêdet de fleanbasis mei it lûd gjin regels. "Sy meie yn in jier in bepaalde hoemannichte lûd produsearje. Dat is net bûn oan bepaalde piken en dêrmei is it ek sa lestich om hjir wat oan te dwaan."

De eksamenflechten duorje noch in pear dagen, dêrnei moat it better wurde mei de oerlêst, seit Veldman: "Yn dy sin is it mei de oerlêst wol klear, want fan it leven dat se meitsje meie is in grut part al opbrûkt."

Dochs tinkt Veldman dat it noch net hielendal oer is mei it lûd. "Wêr't we wol wer mei te krijen ha, is dat aanst it jûns- en nachtfleanen wer begjint. Dat is wer efkes wennen foar de omwenners. Dat sil grif ek wer klachten feroarsaakje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)