Gemeente besiket fersûpende beammen yn Jouster park Heremastate te rêden

06 okt 2021 - 18:40

De wetterstân yn park Heremastate op De Jouwer wurdt omleech brocht, om't bliken docht dat der in soad âlde beammen oan it ôfstjerren binne. Gemeente De Fryske Marren hopet sa de beammen noch te rêden.

In omfallen beam yn Park Heremastate - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Efter yn it park steane twa grutte reade bûkebeammen dy't it dreech hawwe: de toppen stjerre ôf. Earder binne oan de kant fan de Hurddraversdyk al beammen stoarn. Nei ûndersyk fan in saakkundige hat bliken dien dat dit nei alle gedachten te krijen hat mei in te hege wetterstân.

25 sintimeter omleech

It grûnwetter stiet op bepaalde punten heger as op oare plakken, mar oer it generaal stiet it te heech. Om dit út te sykjen hat de gemeente trije peilbuizen yn de boaiem set. It wetterpeil fan de fiver is mei 25 sintimeter omleech brocht. De gemeente hâldt yntusken de sûnens fan de beammen yn de gaten, lykas de feiligenssituaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)