Fiskersbûn net bliid mei ynleverjen garnalefiskers: "It is de wize wêrop"

06 okt 2021 - 18:30

It Nederlânske Fiskersbûn is net bliid mei de beslútfoarming by it sluten fan fiskerijgrûn foar garnalefiskers yn it Waadgebiet. Dat seit Durk van Tuinen fan it Fiskersbûn.

Garnalefiskers moatte ynleverje:

Dat der grûn ticht moast, wie dúdlik. Dêr sit de pine net foar Van Tuinen. "Grûn dy't je as fiskerij kwytreitsje is pynlik. Mar wy moatte it wol yn perspektyf sjen. Wy hawwe in konvenant sletten yn 2014 en hawwe ek baat by goeie ôfspraken mei oerheid en natuerorganisaasjes. Mar de wize wêrop't dit beslút naam is, dêr ha wy problemen mei."

Van Tuinen bedoelt benammen de lêste stap yn de beslútfoarming, nammentlik it oanwizen fan hokker grûn krekt oanwiisd wurde soe. "Yn it algemien wisten wy dat it gean moast om grûn yn it westlike en eastlike part fan it Waad. De fiskerij soe mei in kaart komme om hokker gebieten it dan krekt gean soe. Mar yn septimber is besletten om ek in tredde partij in kaart meitsje te litten. Ofrûne tongersdei is foar dy kaart keazen, en net foar de kaart fan de fiskerij."

'Minder each foar fiskerij'

"It hat úteinlik in kar west foar mear natuerbelang en minder each foar de fiskerij. Dat docht sear, want wy hawwe in goeie hânrikking dien, fine wy. Mar dêr is neat mei dien."

It grutste ferskil tusken beide kaarten sit him yn it stik grûn tusken Teksel en Flylân. Op de kaart fan it fiskersbûn wie dy trochgong foar de helte noch beskikber foar garnalefiskers. Op de oare kaart is dy trochgong folslein ticht.

Earder is yn it konvenant ôfpraat dat it totale gebiet dêr't net mear fiske wurde mei sa'n 11.000 bunder wêze moat. Nochris 2.500 bunder mear as no dus.

No't de ferhâldingen fersteurd binne, is noch net dúdlik hoe't dat krekt útfierd wurde moat seit Van Tuinen. "Wy hawwe ôfspraken makke mei inoar. Dan moast inoar fêsthâlde fyn ik. No is dit bard, as der dan noch twa of trije stappen boppe-op komme, kinst dy ôffreegje oft wy as fiskerij noch wol goed sitte yn dit konvenant."

(Advertinsje)
(Advertinsje)