'Sinterklaassprookje' op It Hearrenfean giet ek dit jier net troch

06 okt 2021 - 17:31

Foar de twadde kear op 'e rige is it 'Sinterklaassprookje' op It Hearrenfean útsteld. De foarstellingen binne in fenomeen yn de omkriten fan it Fean, der geane alle jierren in soad skoalbern nei it Posthuis Theater ta.

It Posthuis Theater op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It bestjoer fan Stichting Sint Nicolaas Sprookje Heerenveen ferklearret dat sy dit jier noch bot te lijen hiene fan de neisleep fan it coronafirus en dat de ferrommingen fan it kabinet eins te let kamen. Boppedat is der in finansjeel risiko as it op it lêste momint ôfblaasd wurde moat.

It 'Sinterklaassprookje' bestiet al sûnt 1945 en koe yn 2019 de 75e foarstelling fiere. It 76e mearke Het akkefietje van Hans en Grietje wurdt nei novimber 2022 ferpleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)