Heech krijt definityf opfanglokaasje foar asylsikers

06 okt 2021 - 16:35

Heech krijt definityf in needopfanglokaasje foar asylsikers yn de eardere Stayokay op It Eilân. It kolleezje fan Ben W hat tiisdei besletten om it fersyk fan it COA foar de opfang yn te willigjen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De needopfang sil oant 1 maaie takom jier iepen wêze foar maksimaal 150 minsken. De asylsikers dy't dêr komme hawwe allegearre in ferbliuwsfergunning. De opfang komt ûnder tafersjoch fan it AZC yn Snits te stean.

Ynwenners fan Heech binne oer it beslút ynformearre mei in brief.

Trefwurden: 
Heech asylsikers Stayokay
(Advertinsje)
(Advertinsje)