Súdwest-Fryslân oer beslút SneekermeerRun: "Spitich, mar wol slotkonklúzje"

06 okt 2021 - 16:32

De organisaasje fan de SneekermeerRun hat de stekker út it evenemint lutsen en ferklearret dat de gemeente har tsjinwurkje soe. Unsin, seit de gemeente yn wjerwurd. "Wy stelle betingsten yn it ramt fan iepenbiere oarder en feiligens. Yn dit gefal foldie men der net oan", seit wethâlder Gea Wielinga.

Foto: Shutterstock.com (lzf)

"Wy stelle deselde easken as dy't wy oan eltsenien stelle dy't wat organisearret", ferklearret de wethâlder. "Elts evenemint is by ús mear as wolkom. Allinne, wy binne as gemeente wol ferantwurdlik foar de iepenbiere oarder en de feiligens."

Utfierberens

Soks is net subjektyf, seit sy. "As it net slagget, dan is dat hiel spitich, mar wol de slotkonklúzje. Wy hawwe harren draaiboek op de útfierberens toetst, mei de plysje en oare partners. Mar it is net genôch."

De gemeente seit fierder dat de bal no by de organisaasje leit. "Dizze hear fan Valk Event Producties, dus formeel net Sportvereniging Friesland, moat oan deselde easken foldwaan as oare eveneminten. Wy wachtsje ôf wat der barre sil."

Wethâlder Gea Wielinga fan Súdwest-Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)