SC Cambuur wint oefenwedstriid fan Jong FC Utrecht

06 okt 2021 - 16:14

SC Cambuur hat woansdei yn in oefenwedstriid mei 3-1 wûn fan Jong FC Utrecht. Der spilen benammen spilers mei dy't gewoanwei wiksel binne by de Ljouwerters.

Foto: Henk Jan Dijks

Yn de earste helte makke Nick Doodeman twa doelpunten en beide kearen wie Sam Hendriks yn de oanrin belutsen. De earste kear skeat de spits en koe Doodeman de rebound binnensjitte. By it twadde doelpunt joech Hendriks skerp foar en tikte Doodeman binnen.

Nei it skoft skoarde Mitchel Paulissen út in lange bal fan Marco Tol de tredde goal. Jong FC Utrecht makke fia Joshua Mukeh út in hoekskop noch de 3-1.

Net eltsenien wie der by

Njonken de ynternasjonals dy't misten, diene ek ûnder oaren Sonny Stevens, Doke Schmidt en Tom Boere net mei. Assistint-trainers Martijn Barto en Pascal Bosschaart hiene de lieding by Cambuur. Trainer Henk de Jong hat op it stuit fakânsje, om't er yn de simmer kwealik frij hân hat.

Nije wike sneon spilet Cambuur de earstfolgjende kompetysjewedstriid, út tsjin Fortuna Sittard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)