Boargemaster Buma slút op 'e nij hûs yn Ljouwert fanwegen drugshannel

Boargemaster Buma hat op 'e nij in hûs yn Ljouwert sletten fanwegen drugshannel. It is de 27e kear dit jier dat de boargemaster in pân slute lit.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It giet om in wenhûs oan de Curaçaostrjitte yn Ljouwert. It hûs wurdt foar seis moannen sletten, nei't de plysje dêr earder dit jier fyftich wikkels mei kokaïne fûn. Boppedat lei der himp, ferpakkingsmateriaal en in pear tûzen euro oan kontanten yn it hûs.