It ferhaal achter: "Do stiest der sa aldermachtichst tichtby!"

"Wat fynst no it aldermoaist oan dyn wurk?" frege Diana de Groot yn juny dit jier yn har radioprogramma Goeiemiddei oan Marco van der Meer. "Do stiest der sa aldermachtichst tichtby!" wie syn antwurd.
© Omrop Fryslân
Marco van der Meer (50) út Ternaard is neist syn wurk as automonteur frijwilliger by it TT Circuit yn Assen dêr't er baanofficial is. En de wat er dwaan moat, is net samar wat. Dêr moatst stevich foar yn de skuon stean. Marco fertelt oer syn wurk as frijwilliger by de TT.

Dit is miskien wol myn kâns!

Hy is in grut leafhawwer fan motorsport, autosport, eins alles wat mei snelheid te krijen hat. Sa't er it sels seit: "Der moat wol in motor yn sitte." Hy seach faak op telefyzje nei eveneminten op it sirkwy en betocht hoefolle minsken eins wol net nedich binne om it spul op gong te helpen. "Ik tocht: dat soe ek wat foar my wêze. Ik hie der wolris wat om socht, mar koe der neat oer fine. En doe kaam ik in oprop tsjin op Facebook en tocht ik: Dit is miskien wol myn kâns!"
Marco van der Meer by it TT-sirkwy © Gino Wiemann
En dat wie it ek, hearre we as Marco der 'sa aldermachtichst tichtby' stiet. Hy fertelt: "Wy hawwe plakken lâns de baan. Dan stiest mar sa'n fiif meter fan de baan ôf en krijst echt it gefoel fan snelheid mei fan de motors dy't foarby fleane. Guon geane sels oer de 300 kilometer yn de oere, dat jout ek wol wat spanning mei. Mar ik bin net sa bot skiterich, ik fyn dat just wol moai!"
Mar it is fansels net allinnich lâns de baan stean. Der moat ek in soad gebeure, en dêrfoar moatst wol wat oan kinne. "As baanofficial hâldst dy dwaande mei alles wat der bart op de baan en mei de koereurs. By in crash moatst de baan op om alles op te romjen, te besjen wat de oarsaak wie en derfoar te soargjen dat it net wer bart. Dêrmei rinst risiko's en dêr binne wy ús bewust fan."
Sy fleach doe rjochttroch en sprong fan de motor ôf.
Marco van der Meer
De baan op fleane nei in crash nimt net allinnich risiko's mei, mar sjochst ek alles wat der bart. Dat moatst wol goed fan dy ôfsette kinne, neffens Marco. "Der barre bêst wolris heftige dingen. Lêsten waard in famke oantikke troch in oare rider en ferlear macht oer de bocht. Sy fleach doe rjochttroch en sprong fan de motor ôf. De motor kaam yn de bannesteapel telâne en sy der achteroan, mar de bannesteapels fleagen omheech en sy waard der sa ûnder skood. Uteinlik is sy der fanôf kaam mei allinnich in brutsen rêchwervel, mar it hie raar komme kind. Wy steane dêr boppe op en ha holpen har op de brankaar te tillen. Ja, dêr moatst wol oer kinne."

As wy der net binne, kinne sy net ride

Marco is ûndertusken dwaande mei it folgjen fan in ekstra oplieding om postlieder te wurden by de TT. Dat betsjut dat er de lieding hat oer sa'n 20 minsken dêr't er op mei ien post stiet. Hy hat de saneamde 'racecontrol' en moat trochjaan wat der allegear by har op de baan bart. Neffens him is der altyd in protte te learen: "Alle kearen dat der wat bart, is oars. It is noait itselde. We ha it der altyd drok mei. En dat fyn ik ek it moaie derfan: as wy der net binne, kinne sy net ride."
TT Assen © Shutterstock, Rainer Herhaus
Frijwilliger by it TT Circuit betsjut fansels net allinnich wurkje mei it TT-wykein; it hiele jier troch binne der eveneminten op it sirkwy te finen dêr't frijwilligers by brûkt wurde kinne. Sa wie Marco yn septimber ek te finen by de DTM ('Deutsche Tourenwagen Masters; raceklasse mei toerweinen): "Dat is foar ús oan de baan wat rêstiger. By de TT moatte wy helpe om de koereur út de bak wei te krijen, mar by de DTM ha we in spesjale ploech dy't koereurs helpt de auto út te takeljen. Mar ik fyn it like moai om te sjen, sa oan de baan!"

Respektfol baantsje

Foar minsken dy't it TT Circruit wol hiel moai fine, mar in baan as official dochs wat te spannend, is der genôch oars te dwaan. Der binne fansels ek minsken nedich foar de kaartferkeap, parkearwacht, en gean sa mar troch. En wolst earst ris in kear sjen oft it wat foar dy is? Dan kin dat ek: ast dy ynskriuwst as frijwilliger, wurdst earst útnûge op in aspirantedei. Dan krijst in rûnlieding en kinst sjen hoe't alles wurket op it sirkwy.
Marco riedt it elkenien yn alle gefallen oan: "Om hiel earlik te wêzen, is it foar my boppe ferwachting. Stiest der sa aldermachtichst tichtby, makkest tink ik folle mear mei as wannear'tst oan de kant sitst. En it is in repektfol baantsje."
Besjoch it ynterview mei Marco van der Meer:
It ferhaal achter: "Stiest der sa aldermachtichst tichtby"
It radioprogramma Goeiemiddei is alle wurkdagen tusken 13.00 en 16.00 oere te hearren en wurdt ôfwikseljend presintearre troch Diana de Groot en Johan Terpstra.
Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder