Wurkstraf foar âld-ponghâlder Kern van Cambuur

In 72-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp hat in wurkstraf fan 220 oeren krigen foar it efteroer drukken fan jild fan de supportersferiening Kern van Cambuur.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It giet om jild dat fertsjinne waard yn de kiosken fan de feriening yn it stadion. Doe't de man in pear wiken op fakânsje wie, blykte de opbringst fan de kiosken folle heger te wêzen, sa kamen de praktiken fan de man oan it ljocht.
De man krige de straf al earder oplein, mar gie yn heger berop. Dat smiet gjin feroaring op. It Iepenbier Ministearje easke it werombeteljen fan 110.000 euro. De rjochtbank besleat dat de Hurdegarypster 40.000 euro werom betelje moat.