De toan fan Froukje Sijtsma: "Goare praktiken yn in himmel hûs"

"It fielt wat dekadint, mar ik haw sûnt koart wer in ynterieurfersoarchster. Jierren hold ik mysels foar dat ik it sels wol koe, mar de groeiende kalklaach op myn glêzen dûswand fertelt my dochs echt in oar ferhaal. Op dit stuit haw ik de 21-jierrige Maartje oan de himmel, se is by my oan it wurk fia in skjinmakburo.
Ik tocht eins dat it wat oerdreaun wêze soe, dat ik as wurkjende frou, dy't har bern helte fan tiden thús hat, in help yn de húshâlding nedich hawwe soe. Want efkes in doekje oer de finsterbanken, in stofsûger troch de wenkeamer, dat nimt de measte tiid dochs net? Mar ik haw der gewoan gjin nocht oan om it bytsje frije tiid dat ik haw, te besteegjen oan húshimmeljen.
En dus komt Maartje no alle wiken twa oerkes te helpen. Meast bin ik dan thús en doch ik sels ek fuort efkes in hântaast. De wask yn de kasten, efkes it bêd ferskjinje. Want har wurkje litte wylst ik sels op myn luie gat sit, dat fielt dan ek wer net goed.
Oant no ta bin ik hiel wiis mei Maartje. Se hat no trije kear west en ik haw noch gjin kommentaar op har hân. Dat hat wolris oars west. Ik haw al ferskillende skjinmaksters hân en dy holden der bytiden bysûndere wurkwizen op nei.
Moniek bygelyks. Sy makke earst de keuken skjin, dan it húske en dêrnei smiet se it goare skjinmakwetter fan de wc troch de goatstien fan myn skjinne keuken. Dêrnei sette se de lege amer op it oanrjocht del. Sels hie ik dat smoarge wetter troch de wc hinne spield en de amer op 'e grûn delset.
En ek Fatima en ik sieten net altyd op deselde weachlingte. Se wie echt superleaf en naam ek wolris lekkere hapkes mei. Mar op in stuit fielde se har sa frij yn myn hûs dat se myn kasten oars begûn yn te rjochtsjen. En oer elts bakje of blikje yn myn kuolkast die se in laachje plastikfoly. En dat wylst ik sels al tiden dwaande wie om sa min mooglik by te dragen oan ekstra plestik ôffal.
Mear muoite hie ik dermei dat se by it skjinmeitsjen gjin wetter brûkte. Doe't ik har frege wêrom't se it skjinmakmiddel net mei wetter mong, sei se: "Anders wordt het water vies." En dus behannele se de flier mei puere sjippe, en allinnich op de plakjes dyt se seach. Foar de bank waard fage, ûnder de bank net, want dat seagen je dochs net.
As ik har sei dat se de skjinmakdoekjes wol by de 60 graden wask dellizze mocht, sei se dat it net hoegde. Se soe se wol efkes útspiele mei kâld wetter en wat shampoo en dan koe se se nije wike wol wer brûke. Want, sei se as ferliking, as je in opsette mûle hienen troch in seare kies, dan moasten je der ommers ek in kâlde doek op hâlde en dan gienen ommers alle baktearjes dea. Dy redenaasje gie myn ferstân te boppen en dus smiet ik de doekjes sels mar yn de wask.
In net út te wiskjen yndruk makke ek Daisy. De twa oerkes dy't se by ús yn 'e hûs wurke, smarde se faak út oer fjouwer oeren. In sigaretsje yn de eftertún, ek dat moast kinne. Mar de peuken mikte se yn myn prullebak en dat aroma wie ek te rûken, wylst ik dêr gjin skjinmakster foar nommen hie.
Ienkear hie Daisy migrêne en om't der dochs gjinien thús wie, die se efkes in oerke in knipperke by ús op de bank, fertelde se letter. En se hie ek wolris honger. En dus pakte se har bôlebakje, gong lekker oan tafel sitten en noaske wat yn myn kranten om. De maat wie fol doe't Daisy in middei kaam te wurkjen mei in hjitteweach.
Se appte my: "Froukje, zou ik ook even mogen douchen? Ik ben helemaal bezweet van het fietsen." Myn eagen skeaten iepen by it lêzen fan dat appke, mar goed in oerferhjitte poetshelp, dat woe ik dochs ek net op myn gewisse hawwe. Foar myn freon doedestiids wie de maat wol fol. Hy sei: "Daisy, je komt hier gewoon twee uurtjes schoonmaken, dan kun je thuis roken, lunchen, slapen en douchen."
En sa barde it dat ik it húshimmeljen sels mar wer oppakte. Oant trije wiken lyn. Ik lit Maartje lekker poetse, en ik haw mysels tasein om mar net tefolle yn de gaten te hâlden hoe't se it allegear docht. As it der kreas útsjocht en it rûkt lekker, dan is it my earst allegear wol bôle. Ik haw no dus wer in hearlik himmel hûs, en oars sil it grif goed wêze foar de wjerstân."